Tess fan de D'Urbervilles (oarspronklike Ingelske titel: Tess of the d'Urbervilles) is in roman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928). It boek waard foar it earst útjûn yn 1891, mei as ûndertitel A Pure Woman Faithfully Presented. Tess fan de d'Urbervilles is in trageedzje, dy't alderearst yn in yngripend sinsurearre ferzje as fúljeton yn in krante ferskynde. Hoewol't it hjoed de dei beskôge wurdt as in wichtich ûnderdiel fan 'e Ingelsktalige literatuer, krige Tess of the d'Urbervilles by de publikaasje tige mingde resinsjes, fral ek om't it de besteande seksuële moraal yn it Fiktoriaanske Ingelân oanfocht. Yn 2010 waard it boek oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear.
Eftergrûn Hardy skreau Tess fan de D'Urbervilles yn 1890 en 1891 as it op ien nei lêste boek fan syn karriêre (syn hert lei by poëzij ynstee fan proaza, en doe't er yn 'e rin fan 'e njoggentiger jierren safolle oan 'e ferkeap fan syn romans fertsjinne dat er derfan libje koe, lei er him folslein ta op it skriuwen fan gedichten). Ut it manuskript fan Tess of the d'Urbervilles, dat tsjintwurdich tentoansteld wurdt yn it Britsk Museum, docht bliken dat Hardy syn boek earst Daughter of the d'Urbervilles neame woe. Yn 'e roman beskriuwt er it lot fan it boerefamke Tess, dat troch in keatling fan yninoar gripende foarfallen almar fierder yn 'e swierrichheden bedarret, wêrby't it ûntnaderjen fan har "deugd" (fammesteat) troch in kreaze ferlieder in krúsjale rol spilet, oant se úteinlik terjochtsteld wurdt foar moard. Mei dit tragyske ferhaal woe Hardy dúdlik de dûbele seksuële moraal yn it Fiktoriaanske Ingelân oanfjochtsje, dy't it skeanskermjen fan manlju troch de fingers seach en sels min ofte mear as normaal beskôge, wylst yn in skrinend kontrast in frou dy't foar it houlik seksuële omgong hân hie troch de maatskippij sa goed as ferstaat waard. Dat Hardy it boek de ûndertitel fan A Pure Woman Faithfully Presented ("In Suvere Frou Earlik Beskreaun") meijoech, waard him dan ek slim kwea-ôf nommen. De besteande moraal wie ek de reden dat de roman, tsjin Hardy syn sin yn, slim sensurearre waard foar't er ferskine koe yn 'e krante The Graphic, dy't it ferhaal yn 1891 as fúljeton foar it earst publisearre.
Plot Earste Faze: In Famke Noch (haadstik 1-11) Tess is it âldste bern yn it gesin fan John Durbeyfield, in ienfâldige komelker op it plattelân fan Wesseks, en dy syn frou Joan. Op in dei fertelt dûmny Tringham John dat er aadlik bloed hat. Tringham hat ûntdutsen dat "Durbeyfield" in ferbastering is fan "D'Urberville", de efternamme fan in aadlike famylje fan Normandysk komôf, dy't no útstoarn is. Dêrmei makket er John de kop alhiel oerstjoer.
Dyseldichste deis docht Tess yn it doarp mei oan 'e maaiedûns, wêrby't se Angel Clare moetet, de jongste soan fan dûmny James Clare, dy't mei syn beide âldere bruorren op rûnreis is. Hy hâldt ho om mei te dwaan en dûnset mei ferskate oare fammen. Angel merkt Tess har skientme op, mar te let om mei har te dûnsjen, mei't er al oan 'e lette kant is foar in ôfprate moeting mei syn bruorren. Tess fielt har tekoart dien.
Tess har heit, alhiel oerémis rekke fanwegen de ûntdekking dat er fan adel is, drinkt dy jûns tefolle om dy nachts nei de merk te riden, dat sadwaande nimt Tess de reis op har. Lykwols, se falt yn 'e sliep op 'e bok fan 'e karre en kin dêrtroch in botsing net foarkomme as der in te hurd jeiende wein fan 'e oare kant komt. By it ûngemak komt Prins, har heite iennichste hynder, om. Tess fielt har dêr sa skuldich oer, dat se tsjin better witten yn tastimt om frou D'Urberville op te sykjen, in rike widdo dy't yn it tichtbye stedsje Tantridge wennet, mei it doel om oanspraak te meitsjen op besibskip. Hja wit net dat yn it echt frou D'Urberville har man, Simon Stoke, de baronstitel kocht hat en dêrmei de nije efternamme oannommen, en dat dizze D'Urbervilles dus alhielendal gjin famylje fan har binne.
It slagget Tess net om frou D'Urberville te wurd, mar se falt ûnbedoeld yn 'e smaak by dy har lichtsinnige soan Alec, dy't dêrom foar Tess in baantsje beävensearret as plomfeehoedster op ’e state fan 'e D'Urbervilles. Fuortendaliks al leit er it op har ta. Tess mei him net lije en stekt dat net ûnder stuollen of banken, mar soks skrikt him net ôf. Se moat syn oandacht wol ferneare, mient se, mei't se genôch jild sjen moat te fertsjinjen om har famylje in nij hynder te besoargjen. De bedriging dy't Alec foar Tess har deugd ynhâldt, wurdt foar har ferdizene troch har brekme oan ûnderfining mei sokke saken en har frijwol deistige omgong mei him. Hy neamt har "nicht", wat har tinken docht oan in manlike beskermer ynstee fan oan in ferlieder.
Let op in jûn, op 'e weromreis út it stedsje mei guon oaren, rekket Tess sûnder erch behelle yn in rûzje mei in oare faam, dy't op it punt stiet om op slaanderij út te rinnen. As Alec krekt dan lânsriden komt en oanbiedt om har út dy sitewaasje te rêden, nimt se syn oanbod oan. Hy bringt har lykwols net nei hûs, mar riidt troch de dize oant se in lytse bosk berikke; dan beart er dat er paadbjuster rekke is en set geandefoets ôf om út te finen wêr't se binne. Tess bliuwt efter en falt einlings yn 'e sliep op de mantel dy't er har liend hat. As er yn it tsjuster weromkeart, hat er seksuële omgong mei har (in barren dat Hardy yn sokke bedutsen termen omskriuwt, dat it net dúdlik wurdt oft it dêrby no om ferlieding of ferkrêfting giet, al komme letter yn it ferhaal taspilings foar dy't derop wize dat it mear wei hat fan it lêste).
Twadde Faze: Gjin Famke Mear (haadstik 12-15) Tess begjint Alec te ferachtsjen. Tsjin syn wil giet se werom nei har âldershûs, dêr't se suver net mear út har keamer komt. De simmer dêrop skinkt se it libben oan in syklik jonkje, dat mar in pear wike libbet. Op 'e lêste jûns foar syn dea doopt Tesse him sels, nei't har heit wegere hat de dûmny yn 'e hûs ta te litten. Se neamt it jonkje Sorrow ("Fertriet"; yn 'e Fryske oersetting "Smertebern"). Tess begraaft har soan eigenhandich yn ûnwijde grûn en timmeret sels in krús om op it grêf te setten.
Trêde Faze: Nije Hoop (haadstik 16-24) Mear as twa jier nei it fiasko te Tantridge is Tess, no tweintich jier âld, ree om fannijs te begjinnen. Se siket wurk bûten har doarp, op in plak dêr't har ferline ûnbekend is, en wit in baantsje te bemachtigjen as boerefaam op 'e greidpleats fan menear Richard Crick. Dêr rekket hja befreone mei trije oare fammen, Izz, Retty en Marian, en ek moetet se dêr Angel Clare wer, dy't sels ek boer wurde wol en by menear Crick leart hoe't men in suvelbedriuw liede moat. Hoewol't de oare boerefammen alhiel besleifere fan him binne, kiest Angel al rillegau Tess út, en stadichwei wurde se beide fereale opinoar.
Fjirde Faze: It Gefolch (haadstik 25-34) Angel bringt in pear dagen by syn famylje yn Emminster troch. Syn bruorren Felix en Cuthbert, in teolooch en in klassikus, merke op dat Angel mar frijwat boerske manearen kriget, wylst Angel harren âldsk en nearhertich fynt. Angel besprekt mei syn heit, dûmny James Clare, syn foarútsjoch op in houlik. De Clares hawwe al lang de hope dat Angel trouwe sil mei Mercy Chant, in fromme skoaljuffer, mar Angel hâldt út dat in frou dy't wat fan buorkjen ôfwit foar him in sinfoller kar wêze soe. Hij fertelt syn âldelju oer Tess, en hja sizze ta har ûntfange te sillen. Neitiid rekket Angel syn heit op 't ferhaal oer syn besykjen om 'e pleatslike befolking te bekearen ta it metodisme en neamt dêrby syn falen om 'e jonge opperteur Alec d'Urberville ûnder de tomme te krijen.
Angel keart werom nei menear Crick syn pleats en docht Tess in oansyk. Dêrtroch komt Tess foar in pynlik dilemma te stean: Angel mient dúdlik dat hja noch faam is, en hoewol't se him net bedrage wol, sjocht se der as in berch tsjinop om har skande oan him op te bychtsjen, mei't se syn leafde en bewûndering net ferlieze wol. Se hâldt safolle fan him dat se him einlings tawurd jout en beart dat har wifkjen feroarsake waard troch it feit dat se heard hie dat er in grouwéligen hekel oan âlde famyljes hat en tocht dat er sadwaande net folle op hawwe soe mei har D'Urberville-erfskip. Hy, lykwols, is tige bliid mei dat nijs, om't er tinkt dat har komôf harren houlik foechsumer meitsje sil yn 'e eagen fan syn famylje.
Wat neier oft de trouwerij komt, wat slimmer oft Tess ûnder har bedragerij begjint te lijen. Se skriuwt har mem om rie; dy skriuwt werom dat se har stilhâlde moat oer har ferline. Har senuweftigens en ûngerêstens nimme noch ta as in man út Tantridge, in Groby, har werkent wylst se út te boadskipjen is mei Angel en op rauwe toan taspilings makket oer har seksuële steat. It foarfal driuwt Angel ta poermâlens, wat tige atypysk foar him is. Tess beslút dêrop om skjin skip te meitsjen; hja stelt in brief op wêryn't se al har gedoente mei Alec d'Urberville beskriuwt en triuwt dat by him ûnder de doar troch. Mar nei't Angel har de oare moarns neat oars as oars begroetet, ûntdekt se it brief by him ûnder it tapyt en beseft se dat er it nea opmurken hat. Dêrop klaut se tebek en ferneatiget se it.
De trouwerij ferrint sûnder swierrichheden, al merkt Tess it faaie teken op fan in hoanne dy't kraait op 'e middei. Tess en Angel bringen harren houliksnacht troch yn in âld bûtenferbliuw fan it D'Urberville-laach, dêr't Angel syn breid guon prachtige diamanten ta geskink jout dy't fan syn peetmem west hawwe, en bekent dat er yn Londen ienris in koarte frijaazje hân hat mei in âldere frou. As se dat ferhaal heart, rekket Tess derfan oertsjûge dat Angel har har eigen ferline grif ferjaan sil en fertelt se him einlik oer wat Alec har oandien hat.
Fyfde Faze: De Frou Moat Boetsje (haadstik 35-44) Angel is lykwols ûntsteld troch har iepenbiering en bringt de houliksnacht op 'e bank troch. Tess is stikken en dwerstroch fan syn reäksje en akseptearret de hommelse ferfrjemding as eat dat se fertsjinnet. Nei in pear aaklike dagen stelt se út om mar útinoar te gean. Angel stimt dêrmei yn, jout har wat jild en ûnthjit dat er besykje sil om himsels mei har ferline yn it reine te bringen, mar warskôget har om him net te folgjen oant er har berjocht stjoert. Dêrop nimt Angel, nei in koart besyk oan syn âldelju, in skip nei Brazylje om dêr in nij libben te begjinnen. Ear't er ôfset, moetet er ûnderweis Izz Huett en freget har ympulsyf om mei him oersee te gean as syn mêtresse. Hja akseptearret syn oanbod, mar as er freget hoefolle oft se fan him hâldt, jout se ta dat nimmen mear fan him hâlde kin as Tess. By it hearren fan dy wurden komt er werom op syn ympuls en poeieret er Izz ôf, dy't bitter gûlend op hûs oan giet.
Tess keart foar koarte tiid werom nei har âldershûs, mar fynt it dêr ûndraachlik en beslút om Marian te beselskipjen, dy't in nij wurkplak op in earmtlike boerepleats fûn hat. Letter jout Izz har by harren. Underweis dêrhinne wurdt Tess werkend en misledige troch boer Groby, deselde man dy't dat alris earder dien hie yn it bywêzen fan Angel; it docht bliken dat hy har nije wurkjouwer is. Op syn pleats moatte de trije fammen swier lichaamlik wurk ferrjochtsje.
Op in dei beslút Tess om Angel syn âldelju yn Emminster te besykjen, mar as se har bestimming hast berikt hat, komt se Angel syn beide âldere bruorren tsjin yn it selskip fan 'e frou wêrfan't Angel syn famylje hope hie dat er mei trouwe soe, Mercy Chant. Sy werkenne har net, mar Tess heart hoe't se Angel syn domme houlik besprekke. Beskamme keart se dan om (dit is de meast skrinende passaazje fan it hiele boek, mei't de ienfâldige dûmny James Clare, dy't alhiel neat fan syn beide âldste soannen hat, de iennichste wie dy't Tess rêde kinnen hie fan har bitter lot). Op 'e weromweis heart Tess in rûnreizgjend preker sprekken en se is skokt as se beseft dat it Alec d'Urberville is, dy't dochs noch bekeard is troch James Clare.
Sechsde Faze: De Bekearling (haadstik 45-52)