Sarah Leonard (Winchester, 10 april 1953) is in Ingelske sopraan, ferneamd fan har fertolkings fan klassike muzyk fan dizze tiid, ûnder oaren fan komponisten lykas Harrison Birtwhistle, Pierre Boulez en Michael Nyman.

Sy studuearre oan de Guildhall School of Music and Drama. Dêrnei kaam hja by de BBC Singers en it Endymion Ensemble. Sarah Leonard: biography [http://www.allmusic.com/artist/sarah-leonard-mn0000158988|publisher=All Music Sy makke har debút yn La Scala yn Milaan, yn 1989 mei de premiêre fan Dr Foustus fan Giacomo Manzoni. Hyperion Records

Sarah Leonard jout les oan de Universiteit fan Hull en de Central School of Speech and Drama. Sy is lid fan de Association of Teachers of Singing, de British Voice Association en ek fan it kommittee member fan de Association of English Singers and Speakers.

Jannewaris 2013 krige hja in earedoktoraat (Honorary Doctor of Music) oan de Universiteit fan Hull. Honorary Graduate Profile: Sarah Leonard of Hull

Diskografy

1992 - My Heart Is Like a Singing Bird, Pickwick

1993 - Górecki: O Domina Nostra; Satie; Milhaud; Bryars, ECM

1994 - Dweller in My Deathless Dreams: An Anthology, United Recordings

1997 - Morton Feldman: Neither, Hatnow / Hat Hut…

1997 - The Music Tree: Solo Songs by Betty Roe, SOMM

1998 - A Century of English Song, Vol. 1, SOMM

1999 - A century of English Song, Vol. 2, SOMM

1999 - When the Heart is Young: A Recital of Songs by Franz Lehar, Beulah

2001 - A Century of English Song, Vol. 3, SOMM

2002 - Alistair Hinton: String Quintet, Altarus

2006 - Joseph Marx: Lieder, Altarus

Kategory:Ingelsk operasjonger Kategory:Persoan berne yn 1953