thumb|Gilbert O'Sullivan, 1974 thumb|Gilbert O'Sullivan mei 62 jier Gilbert O'Sullivan (pseudonym fan Raymond O'Sullivan) (Waterford, 1 desimber 1946) is in Iersk sjonger en songwriter.
Libben en wurk O'Sullivan waard berne yn Ierlân, mar 1960 ferhuze er nei Swindon yn Wiltshire dêr't er niget oan muzyk krige. Yn 1967 tekene er in platekontrakt foar fiif jier by CBS Records. Ein jierren 60 makke er syn earste plaatopnames, mar dy hienen mar in bytsje súkses. The Tremeloes namen wol in tal nûmers fan him op (You en What can I do?). Yn de santiger jierren hie er in protte súkse mei nûmers as: Nothing RhymedUnderneath the blanket go Alone Again (Naturally)No matter how I try Clair Get DownOoh-Wakka-Doo-Wakka-Day I'll believe it when I see itWe Will MatrimonyI don't love you but I think I like you Christmas SongWhat's in a kiss It debútalbum Himself stie wiken efterelkoar oan de top. Syn populêrens yn Japan makke yn de jierren 90 dat er yn de muzyk trochgean koe.
O'Sullivan wennet anno 2013 op Jersey yn de gemeente Saint Mary en skriut noch altyd muzyk, makket noch altyd cd's en ferskynt geregeldwei op de planken. Showbusiness wol er net in protte gedoente mei hawwe. Showb 2003 fersynde syn jazzy cd Piano Foreplay; juny 2005 joech er 13 útferkochte konserten yn Japan en oktober 2006 ferskynde A scruff at heart. Nei 11 jier kaam Gilbert, op 29 maaie 2008, werom yn Nederlân foar in konsert yn Carré. Op 26 oktober 2009 stie er wer yn de Royal Albert Hall. Syn nijste album Gilbertville (mei 14 nije komposysjes en in troch Harry Hill foardroegen gedicht) kaam 31 jannewaris 2011 út en yn 2011/2012 makke Gilbert in omgong troch Ingelân, Ierlân, Denemarken, Noarwegen, Dútslân en Nederlân.
Augustus 2010 hat O'Sullivan him ferbûn oan platemaatskippij Hypertension (dêr't û.o. ek Gerry Rafferty, Chris DeBurgh, Joan Armatrading, Leo Sayer en Fleetwood Ma in oerienkomst mei hawwe). July 2011 tekene O'Sullivan in kontrakt mei Salvo/Union Square Music dy't - ûnder de titel A Singer And His Songs - syn âlde albums fannijs útbringe sille, oanfold mei aparte opnames, lykas: B-kanten fan singles en wiidweidige taljochtingen fan O'Sullivan.
Diskografy Albums 2018 Gilbert O'Sullivan 2015 Latin ala G! 2011 Gilbertville 2006 A Scruff At Heart 2003 Piano Foreplay 2001 Irlish 1997 Singer Sowing Machine 1995 Every Song Has It's Play 1994 By Larry 1993 Sounds Of The Loop 1989 In The Key Of G 1982 Life & Rhymes 1980 Off Centre 1977 'Southpaw 1974 A Stranger In My Own Backyard 1973 I'm A Writer Not A Fighter 1972 Back To Front 1971 ''Himself
Keppeling om utens Offisjele side
Kategory:Iersk sjonger Kategory:Iersk muzikant Kategory:Iersk pianist Kategory:Iersk komponist Kategory:Iersk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk muzikant Kategory:Ingelsk pianist Kategory:Ingelsk komponist Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1946