thumb|Wynmotor Swichum De Wynmotor Wurdum is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Wurdum, dat yn de gemeente Ljouwert leit. De mole is in lytse Amerikaanske wynmotor mei in flecht fan 4,5 meter, fan it type Record 18. It boujier is ûnbekend. Foarhinne stie de wynmotor sa'n 300 meter besúdeasten Swichum tichtby de Ayttadyk, mar nei in yngeande restauraasje dy't yn 2005 begûn, krige er op 18 septimber 2009 in nij plak by de iisbaan fan Wurdum. De wynmotor is mealree yn sirkwy en kin de iisbaan fan wetter foarsjen.
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Keppeling om utens
De Hollandsche Molen - Wynmotor Swichum te Swichum
Kategory:Wurdum Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Wurdum
