thumb|25opx|Wynmotor Burdaard De Wynmotor Burdaard is in poldermole tichtby it doarp Burdaard. De mûne is in middelgrutte Amerikaanske wynmotor, wêr't it boujier ûnbekend fan is. Hy stiet sawat in oardel kilometer noardeast fan Burdaard op de súdlike ouwer fan de Dokkumer Ie, tichtby de wei nei Sibrandahûs. De wynmotor mei in flecht fan 4,5 m. is net mealree en stie der yn 2008 ferfallen by. Hy is net te besichtigjen.
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Kategory:Burdaard Kategory:Mole yn Ferwerderadiel Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Burdaard