thumb|240px|De Wynmotor Barfjild yn 2009 De Wynmotor Barfjild is in poldermole by it doarp Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. De mole is in middelgrutte net-mealreeë wynmotor, dy't boud waard troch de bruorren Adema út Wurdum; yn wat jier is ûnbekend. Hy hat in stellinghichte fan 3,4 m. en in flecht fan 3,0 meter. It wynrêd hat 18 blêden mei in diameter fan 3 meter. De wynmotor stiet hast twa kilometer súdwestlik fan Aldegea oan it Barfjild. Hy is net iepen foar publyk, mar kin oant inkele meters benei kommen wurde.

Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân

Keppelings om utens

Moledatabank - Barfjild, Wynmotor. De Hollandsche Molen - Wynmotor Barfjild te Aldegea.

Kategory:Mole yn Smellingerlân Kategory:Aldegea (Smellingerlân) Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Barfjild