thumb|240px|De Wynmotor Strobos yn 2007 De Wynmotor Strobos is in poldermole tichtby it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos yn de gemeente Achtkarspelen.
De Wynmotor Strobos is in mealreeë Amerikaanske wynmotor mei 30 blêden fan it type Hercules. Hy stiet ûngefear 700 meter benoardeasten Strobos oan de Alde Feart. De 30 blêden hawwe in flecht fan 10 meter. De wynmotor waard yn 1923 boud foar de bemealling fan de polder De Twee Provinciën. De mole, eigendom fan it Wetterskip Fryslân, is in ryksmonumint. Hy is net iepene foar publyk.
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Keppeling om utens
De Hollandsche Molen - Wynmotor Strobos te Strobos/Gerkeskleaster
Kategory:Strobos Kategory:Mole yn Achtkarspelen Kategory:Ryksmonumint yn Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út 1923 Strobos