Kelvin Kiptum (Chepsamo, 2 desimber 1999 - Kaptagat, 11 febrewaris 2024) wie in Keniaansk atleet, dy't útkaam op de maraton. Yn desimber 2022 makke hy syn debút op de folsleine maraton. Hy rûn op de Maraton fan Falinsia in tiid fan 2:01.53, in parkoersrekôr. Hjirmei rûn er op dat stuit de op trije nei rapste tiid ea en wie er de op twa nei rapste maratonrinner fan alle tiden. Yn april 2023 wûn er de Maraton fan Londen yn 2:01.25, de twadde rapste maratontiid ea rûn, 16 sekonden stadiger as Kipchoge's wrâldrekôr fan 2:01.09.

Op 8 oktober 2023 rûn Kiptum in nij wrâldrekôr op de Maraton fan Chicago, yn in tiid fan 2:00.35. Kiptum wie dêrmei de earste persoan dy't de maraton trije kear ûnder de 2:02.00 oere rûn hat, en dat boppedat yn syn earste trije folsleine maratons.

Kelvin Kiptum ferstoar op 11 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 24 jier, as gefolch fan in slim auto-ûngelok yn syn bertelân Kenia. Ek syn trener Gervais Hakizimana kaam by it ûngelok te ferstjerren. nos.nl, 12-02-2024, Wereldrecordhouder op de marathon Kelvin Kiptum (24) omgekomen bij ongeluk nos.nl, 12-02-2024, Kiptum verlegde de grenzen van de marathonsport: 'Dit was de nieuwe generatie'

Persoanlike rekôrs UnderdielPrestaasjeDatumPlak10.000 m28.27,874 maaie 2021Stockholm10 km28.176 oktober 2019Utrechtheale maraton58.426 desimber 2020Falensiamaraton2:00.35 (WR)8 oktober 2023Chicago

Kategory:Keniaansk maratondraver‎ Kategory:Persoan berne yn 1999 Kategory:Persoan stoarn yn 2024