De oblast Tambov (Russysk: Тамбо́вская о́бласть, Tambovskaja oblast) is in federale bestjoersienheid fan de Russyske Federaasje.

Skiednis Sûnt de 6e iuw nei Kristus ûnstie it Mordovinenfolk út lokale etnyske groepen fan Finsk-Oegryske komôf. De earste Russen ferskynden noch foar de Mongoalske tiid, mar de definitive kolonisaasje fûn yn de 17e iuw plak. Om de súdlike grinzen fan Ruslân te beskermjen waarden doe de befêstige stêden Kozlov (1635; sûnt 1932 omdoopt ta Mitsjoerinsk) en Tabov (1636) stifte. Dy stêden moasten de haadrûtes beweitsje om Nomadyske oerfallen tefoarren tekommen en makken in gaueftige kolonisaasje fan de krite mooglik.

Yn it ramt fan de bestjoerlike herfoarmings yn 1708 en 1719 fan Peter de Grutte waard it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Azov. Yn 1779 waard Tambov in ûnderkeninkryk en yn 1796 it selstannige gûvernemint Tambov. Sûnder in soad feroarings bleau dat sa oant 1928.

Droechte en de wapene Sovjet-ynspekteurs dy't it iten foarderen, feroarsaken nei de revolúsje yn de regio in opstân tsjin de bolsjewiken. De opskuor yn it gûvernemint duorre fan 1920 oant 1921. Om de opstân te ûnderdrukken brûkten de bolsjewiken gemyske wapens tsjin de eigen befolking.

Op 27 septimber 1937 waard de oblast Tambov stifte út de oblasten Vornezj en Samara. Troch de foarming fan de oblast Penza rekke de oblast Tambov yn 1939 wer in diel fan it gebiet kwyt. Tusken 1954 en 1957 rekke de oblast tydlik noch it súdeastlike diel kwyt oan it doe stifte oblast Balasjov, mar dat diel waard nei de opheffing fan dat oblast wer by Tambov foege.

Geografy De oblast Tambov leit yn it súdlike diel fan it Russyske Leechlân en grinzget oan de oblasten Rjazan, Penza, Saratov, Voronezj (oblast)Voronezj and Lipetsk. It gebiet leit yn de bosksteppe en it gebiet bestiet foar likernôch 10% út bosk. Der binne likernôch 1400 rivieren en streamkes. Yn it Wolgabekken is de grutste rivier de Tsna, yn it Donbekken foarmje de Vorona, de Bitjûg, de Voronezj en de Savala de grutste rivieren.

Befolking De befolking bestiet hast folslein út Russen. Yn de begjintiid fan de Sovjet-Uny ûnstiene der Wytrussyske en Oekraynske minderheden. Harren oantal is lykwols bot sakke. Dêrfoaroer is it tal jezidi's bot tanommen. Befolkingsferrin Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 2.684.030 2.726.478 1.877.900 1.549.001 1.511.938 1.393.491 1.322.372 1.178.443 980.984

Bestjoersyndieling en stêden

De oblast is ferdield yn sân stedsdistrikten en yn 23 rajons. Grutste stêd is Tambov, folge troch Mitsjoerinsk, Rasskasowo, Morsjansk en Kotovsk. Meiïnoar hat de oblast acht stêden en tolve plakken mei in stedsk karakter.

+ Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje Tambov Тамбов 287.407 40px Mitsjoerinsk Мичуринск 89.876 40px Rasskazovo Рассказово 42.293 40px Morsjansk Моршанск 37.477 40px Kotovsk Котовск 28.663 40px Uvarovo Уварово 22.916 40px Kisanov Кирса́нов 15.753 40px

Ekonomy De masjinebou, de gemyske yndustry en de libbensmiddelenyndustry foarmje wichtige pylders fan de ekonomy. De lânbou bestiet foaral út it hâlden fan fee en it ferbouwen fan feefoer.

Kategory:Tambov (oblast) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1937