De wetterlysters (Cinclus) binne it iennichste skaai yn 'e monotypyske famylje fan 'e wetterlysterfûgels (Cinclidae). Dy heart ta de boppefamylje fan de miggesnapperfûgels (Muscicapoidea), dêr 't ek de protterfûgels, lysterfûgels en miggesnappers ûnder falle. Alle neamde groepen hearre ta it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri) yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De wetterlysters, yn oare talen, lykas it Nederlânsk, ek 'wetterstaar' of 'wetterprotter' neamd, binne lykwols gjin "lysters" en ek gjin "protters" yn taksonomyske sin.
Wetterlysters binne meast brune fûgels dy't, oars as de oare sjongfûgels, yn en op it rinnende wetter libje. Hja kinne dûke en swimme en ite foaral wetterynsekten. Yn Fryslân is de wetterlyster in seldsumme wintergast, yn Súd-Limburch is er ek in seldsumme simmerfûgel.
It skaai fan de wetterlysters omfettet fiif soarten.
Klassifikaasje Famylje: wetterlysterfûgels (Cinclidae) Skaai: wetterlysters(Cinclus), 5 soarten: Soarte: wetterlyster (Cinclus cinclus) (Jeropa, NW-Afrika, Aazje) Soarte: brune wetterlyster (Cinclus pallasii) (Aazje) Soarte: grize wetterlyster (Cinclus mexicanus) (Noard- en Midden-Amerika) Soarte: wytkopwetterlyster (Cinclus leucocephalus) (Súd-Amerika) Soarte: readkielwetterlyster (Cinclus schulzii) (Súd-Amerika)
Keppelings om utens Sovon - Waterspreeuw
Kategory:Wetterlysterfûgel Kategory:Fûgelskaai