Paolo Caliari (* 1528 yn Verona – † 19 april 1588 yn Feneesje), bekend ûnder de namme Paolo Veronese, wie in Italjaanske skilder yn de tiid fan de renêssânse. Hy is benammen bekend fanwegen de tige grutte doeken mei kristlike en mytologyske foarstellings lykas de "Brulloft yn Kana" (1563) en "It Feest yn it Hûs fan Levi" (1573).

Mei Tytsiaan fan in âldere generaasje en Tintoretto wie Veronese ien fan de trije grutte keunstners, dy't de Fenesjaanske skilderkeunst fan de cinquecento en de lette-renêssânse yn de 16e iuw dominearren.

Bekend as skilder dy't him talei op kleureffekten en nei in perioade fan maniëristysk wurk ûntwikkele Paolo Veronese in troch Tytsiaan beynfloede naturalistyske styl fan skilderjen.

Syn meast ferneamde wurken binne ferhalende doeken, útfierd yn in dramatyske en kleurrike styl fol mei preal en arsjitekturale eleminten. Fral ferneamd binne de grutte skilderijen fan bibelske feesten mei tal fan persoanen, skildere foar de refters fan de kleasters fan Feneesje en Verona. Ek joech er fan de Feneesjaanske skilders de toan oan by it oanbringen fan fresko's op plafonds. It measte fan syn wurk bleau op it plak, of teminsten yn Feneesje. It wurk fan Veronese dat yn musea hinget binne benammen de lytsere skilderijen lykas portretten, dy't lykwols net altiten it meast typysk foar de skilder of ta it bêste fan syn wurk wurde rekkene.

Wurk (kar-út) Brulloft fan Kana, 1562/63, Louvre, Parys Kroaning Marije, 1555, San Sebastiano, Feneesje Foarstellings fan de skiednis fan Ester, 1556, San Sebastiano, Feneesje It Miel by de Fariseeër Simon De Famylje fan Darius foar Aleksander, National Gallery fan London Oanbidding fan de Kenings, sûnt 1855yn de National Gallery fan London De Salving fan Kening David, 1555, Keunsthistoarysk Museum, Wenen De opwekking fan de soan fan de widdo yn Nain, 1565-1570 Slach by Lepanto, 1571, Gallerie dell'Accademia, Feneesje Allegory fan de Leafde, 1575, National Gallery yn Londen Perséus befrijdt Andromeda, 1576–1578, Musée des Beaux-Arts, Rennes (taskreaun) Katarina Cornaro jout de Kroan fan Syprus oan de Doge fan Feneesje It Miel yn it Hûs fan Levi, 1573, Galleria dell´Accademia, Feneesje It Fizioen fan de hillige Helena, 1580, Fatikaansk Museum, Rome Venus en Adonis Museo del Prado, Madrid Lucretia, 1580-1583, Kunsthistoarysk Museum fan Wenen.

Ofbylden

Kategory:Italjaansk keunstskilder Kategory:Fenesiaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1528 Kategory:Persoan stoarn yn 1588