Ruurd Alta (Makkum, 16 maart 1908 – Wommels, 30 maaie 1987) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.
Ruurd Alta wie in soan fan Pier Dirk Alta (1879-1942, houtkeapman) en Catharina Bakker (1877-1963). Nei de hbs waard er ier yn 1929 folontêr by de gemeentesekretary fan Frjentsjer. Yn 1931 kaam er as amtner op de sekretary yn tsjinst by de gemeente Wymbritseradiel dêr't er it ta haadkommys bringe soe. Fan septimber 1945 oant april 1946 wie Alta waarnimmend boargemaster fan Hylpen. Dêrnei koe boargemaster Gerben Stallinga (1900-1950), dy't tydlik út syn amt set wie, yn syn âlde funksje wer opnimme. Yn novimber 1948 waard Alta beneamd ta boargemaster fan Sleat en yn desimber 1957 folge syn beneaming as boargemaster fan Hinnaarderadiel. Yn april 1973 gie er mei pinsjoen en yn 1987 stoar er yn de âldens fan 79 jier yn Wommels. Hy waard te hôf brocht yn syn berteplak MakkumGraftombe.nl
Yn Sleat waard in strjitte nei him ferneamd.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk amtner Kategory:Boargemaster fan Hylpen Kategory:Boargemaster fan Sleat Kategory:Boargemaster fan Hinnaarderadiel Kategory:CHU-politikus Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan stoarn yn Wommels Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1987