Cassie Scerbo (folút: Cassandra Lynn Scerbo; Long Island, 30 maart 1990) is in Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse. Se wie ien fan 'e leden fan 'Slumber Party Girls' yn 'e muzikale jeugdsearje Dance Revolution. As aktrise spile se Brooke yn 'e film Bring It On: In It To Win It (2007), Lauren Tanner yn 'e komeedzjedramasearje Make It Or Break It (2009-2012), en Nova Clarke yn 'e filmrige Sharknado.
libben en karriêre Scerbo waard berne op Long Island, yn 'e Amerikaanske steat New York. Se is fan fol Italjaansk komôf. Scerbo groeide op yn Parkland, yn Floarida en spile fuotbal foar de Parkland Soccer Club. Hja wenne yn Floarida fan 'e tiid ôf dat se nei de beukerskoalle gie, oant se in fêste rol krige yn Make It Or Break It. Se folge de middelbere skoalle oan 'e Marjory Stoneman Douglas High School yn Parkland (dy't yn 2018 yn it nijs kaam fanwegen in skoalsjitpartij).
Yn 2006 die Scerbo mei súkses audiïnsje foar de Music Girl Group Slumber Party Girls. Scerbo waard keazen as ien fan 'e fiif leden út mear as 1.000 gadingmakkers. Yn septimber 2006 presintearre de groep de muzyk-searje Dance Revolution dy't sûne fieding en fitness foar bern befoardere. De oarspronklike lieten fan Slumber Party Girls oerhearsken sterk yn 'e searje. Harren debútalbum Dance Revolution waard gjin súkses. De searje waard net ferlinge foar in twadde seizoen. Doe't de Slumber Party Girls mids 2007 oan harren twadde album wurke, waard bekendmakke dat de groep útinoar gien wie. Yn datselde jier tekene Scerbo in kontrakt as solo-artyste by Geffen Records.
Film Jier Film Rol 2005 Hitters Anonymous Jonge Leah 2007 Natural Born Komics Montana 2007 Bring It On: In It to Win It Brooke 2008 Soccer Mom Tiffany 2011 A Holiday Heist Kate 2011 Not Another Not Another Movie Ursula 2011 Bench Seat Famke 2012 Music High Candi Piper 2012 Just Yell Fire: Campus Life harsels 2013 Sharknado Nova Clarke 2013 Isolated Ambassadeur foar frede 2013 Not Today Audry 2015 Take a Chance Cynthia 2015 Agoraphobia Faye 2015 Sharknado 3: Oh Hell No Nova Clarke 2018 The Last Sharknado: It's About Time Nova Clarke
Rigen Jier Rige Rol 2006 House Broken cassie 2006-2007 Dance Revolution Slumber Party Girl 2008 Mother Goose Parade ??? 2009-2012 Make It or Break It Lauren Tanner 2010 10 Things I Hate About You Lauren Tanner 2010 CSI: Miami Hilary Swanson
Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk musicalakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1990