Crosby, Stills, Nash & Young wie in groep fan fjouwer sjongers en lietsjeskriuwers dy't sûnt 1969 regelmjittich meielkoar spylje. De groep bestie út de Amerikanen David Crosby (1941–2023) en Stephen Stils (3 jannewaris 1945), de Brit Graham Nash (2 febrewaris 1942) en somtiden de Kanadees Neil Young (12 novimber 1945). Sy binne foaral bekend fan harren close-harmony sjongen, mar sy spylje ek wol rûgere gitaarrock.
Skiednis David Crosby komt út de band The Byrds, Stephen Stills en Neil Young út Buffalo Springfield en Graham Nash út The Hollies. Harren muzyk wurdt beynfloede troch rock, folk en country. Alle fjouwer muzikanten hawwe har eigen styl en in werkenber stimlûd. Meastentiids sjonge hja har eigen lietsjes en de oaren sjonge mearstimmich mei.
Stephen Stills spilet ferskate ynstruminten (gitaar, basgitaar, piano en oargel) Crosby en Nash spylje foaral gitaar. Harren earste sukses hienen sy yn 1969 mei it album Crosby, Stills & Nash en in toernee dat dêr op folge. Bekende lietjes op dat earste album binne Suite: Judy Blue Eyes fan Stephen Stills, Marakesh Express fan Graham Nash en Guinnevere fan David Crosby.
Letter yn 1969 kaam Neil Young der ek by en dy spile sawol gitaar as piano. Mei har fjouweren spilen sy op it Woodstock (muzykfestval) en brochten hja it album “Déjà Vu” út, mei as bekendste ferskes “Teach your Children”en “Our House” fan Graham Nash, Almost Cut my Hair fan David Crosby, Helpless fan Neil Young en Carry On fan Stephen Stills. Greg Reeves spile mei op basgitaar en Dallas Taylor op drums.
By de Kent State University yn Ohio waarden yn maaie 1970 by in demonstraasje tsjin it regear fjouwer studinten deasketten. Neil Young hat dêr in liet oer skreaun, dat sy mei har fjouweren útbrocht hawwe. Yn 1971 waarden der konsertopnamen fan in toernee útbrocht op it dûbelalbum Four Way Street. Nei dat toernee foel de groep útelkoar fanwegen drank- en drugsproblemen en gongen de leden alle fjouwer har eigen paad. Hja spilen wikseljend as solist, duo, trio of kwartet.
De mannen begongen yn de simmer fan 1974 oan in nije tournee, mei as begelieders Tim Drummond (basgitaar), Russ Kunkel (drums) en Joe Lala (perkusje). Se hienen in soad sukses, mar der wienen ek wer nije swierrichheden op it mêd fan persoanlike relaasjes. Under de optredens brûkten sy alle fjouwer in soad kokaine. Fan dy tour ferskynde fjirtich jier letter in box mei opnamen fan in konsert yn it Wembley Stadium.
Crosby, Stills en Nash kamen yn 1976 mei har trijen wer by elkoar. Sy brochten har nije album “CSN” út. De opnames foar it folgjende album “Daylight again” duorren folle langer as de bedoeling wie, omdat David Crosby wraksele mei syn drugsgebrûk. Uteinlik song er mar op in pear ferskes mei. Der stienen twa hits op dat album, Wasted on the way (Nash) en Southern cross (Stills). Yn 1983 makken se it album Allies dat gjin sukses waard. Yn 1986 krige David Crosby in finzenisstraf fan njoggen moanne foar drugs- en wapenbesit.
Neil Young die yn 1988 mei oan de plaatopnamen fan American Dream. Yn de jierren njoggentich namen Crosby, Stills en Nash de albums Live it up en After the Storm op. Fan dy albums waarden net in protte ferkocht. Yn 1999 namen se mei har fjouweren Looking Forward op. It sukses wie oanlieding om wer op toernee te gean.
Ut protest tsjin de Irakynfaazje fan it regear fan George W. Bush organisearren de fjouwer mannen de Freedom of Speech toernee. Se spilen alle lieten fan Neil Young syn album Living with War, oanfold mei lietsjes fan ûnder oaren Graham Nash (Military Madness) en Buffalo Springfield (For what it’s worth). Omdat dit konsert ek wol de Déjà Vu tour neamd waard, bestie by in diel fan it publyk de ferwachting dat der âlde hits spile wurde soenen. Sommige oanhingers fan George W. Bush rûnen healwei it konsert de seal ‘ut. De lêste jierren hawwe de mannen net mear mei har fjouweren spile, wol mei har trijen. Mar yn ynterviews hawwe Nash en Young wol sein dat se it net útslute dat se yn de takomst noch wer ris mei har fjouweren spylje sille.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Crosby, Stills & Nash29 maaie 1969Atlantic Marrakesh Express,Suite: Judy Blue EyesDéjà Vu11 maart 1970Woodstock,Teach Your Children,Our House,Carry OnCSN17 juny 1977Just a Song Before I Go,Fair GameDaylight Again21 juny 1982Wasted on the Way,Southern Cross,Too Much Love to HideAmerican Dream1 novimber 1988American Dream,This old house,Nighttime for generals,That girlLive It Up11 juny 1990Live it up,If anybody had a heart (John Waite cover)After the Storm16 augustus 1994Looking Forward26 oktober 1999RepriseNo tears left
Live-albums Album Utbrocht op Label 4 Way Street7 april 1971Atlantic Allies6 juny 1983Déjà Vu Live22 july 2008RepriseCSN 20122 july 2012CSNCSNY 19748 july 2014Rhino
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opSo Far19 augustus 1974Replay8 desimber 1980CSN15 oktober 1991Carry On2 desimber 1991Greatest Hits15 maart 2005Demos2 juny 2009Deja Vu Alternates
Keppelings om utens Offisjele CSNY site Offisjele CSN site
Kategory:Amerikaanske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1968 Kategory:Band opheft yn 1970 Kategory:Band oprjochte yn 1973 Kategory:Band opheft yn 1974 Kategory:Band oprjochte yn 1976 Kategory:Band opheft yn 2015