De katoensturtkninen (Latynske namme: Sylvilagus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hazzen en kninen (Leporinae). Ta dit skaai hearre 16 ferskillende soarten kninen, dy't foarkomme yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, en fan uterlik sterk lykje op 'e (Jeropeeske) wylde knyn (Oryctolagus cunniculus). De measte soarten katoensturtkninen hawwe koarte sturtsjes mei wite ûnderkanten dy't se sjen litte as se útnaaie; dêr komt harren namme wei. Katoensturtkninen binne better bestân tsjin 'e kninesykte myksomatoaze, en sadwaande is de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus) op guon plakken yn Jeropa útset as jachtwyld.
Soarten
skaai katoensturtkninen (Sylvilagus) ûnderskaai echte katoensturtkninen (Sylvilagus) Appalachenkatoensturtknyn (Sylvilagus obscurus) berchkatoensturtknyn (Sylvilagus nuttallii) Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus) Manzanoberchkatoensturtknyn (Sylvilagus cognatus) Meksikaanske katoensturtknyn (Sylvilagus cunicularius) Nijingelânske katoensturtknyn (Sylvilagus transitionalis) robúste katoensturtknyn (Sylvilagus robustus) Tres Maríaskatoensturtknyn (Sylvilagus graysoni) woastynkatoensturtknyn (Sylvilagus audubonii) ûnderskaai leechhoutkninen (Microlagus) Kalifornyske knyn (Sylvilagus bachmani) San Jose-leechhoutknyn (Sylvilagus mansuetus) ûnderskaai tapetys (Tapeti) Brazyljaanske knyn of tapety (Sylvilagus brasilensis) dicekatoensturtknyn of Dice's katoensturtknyn (Sylvilagus dicei) Fenezolaanske leechlânknyn (Sylvilagus varynaensis) katoensturtwetterknyn (Sylvilagus aquaticus) moerasknyn (Sylvilagus palustris) Omiltemikatoensturtknyn (Sylvilagus insonus) Surinaamske leechlânwâldkatoensturtknyn (Sylvilagus parentum)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Hazze of knyn
