Gabrielle Enthoven (OBR), berne as Augusta Gabrielle Eden Romaine (Westminster, Londen, 12 jannewaris 1868 - Londen, 18 augustus 1950)IMDb.com, wie in Ingelske sammelster fan teätermemorabilia, toanielskriuwster en amateuraktrise.

Gabrielle wie in dochter fan William Romaine en Frances Tennant. Fan 1903 oant syn dea yn 1910 wie sy troud mei majoar Charles Enthoven. Yn har jonkheid wie sy amateurtoanielspylster en letter skreau se wol toanielstikken, mar har libbenswurk wie it oanlizzen fan in mei neat oars te ferlykjen samling materiaal út de skiednis fan it teäter (benammen twadde helte 19e iuw en 20e iuw).

Yn 1911 sette Gabrielle Enthoven út ein mei in kampanje foar it stiftsjen fan in "National Museum of Theatre Arts". It Victoria & Albert Museum yn Londen, dy't har samling yn 't earstoan wegere hie, lykas it Britsk Museum, naam yn 1924 har kolleksje dochs op de noed. Salang't sy libbe, hat frou Enthoven de samling oanfolle. Wikipedia en: Theatre Museum By har dea yn 1950 hie de Enthoven Collection in fêst plak yn de samling fan it museum en ynspirearre it oare teäterleafhawwers om it sammeljen fuort te settenarchiveshub.ac.uk/features/theatreperformancecollections. Letter gie de kolleksje oer nei it Theatre Museum yn Covent Garden.

Yn 1948 waard de Society for Theatre Research oprjochte en de earste foarsitster wie Gabrielle Enthoven. De stifting hold lêzings en brocht in blêd út, it Theatre Notebook. www.encyclopedia.com/doc/1O79-SocietyforTheatreResearch.html

Sjoch ek Victoria and Albert Museum Theatre and Performance Collections Victoria and Albert Museum Blog: Introducing Enthoven by Kate Dorney Victoria and Albert Museum Blog: The Private Life of Gabrielle Enthoven by Eve Smith Gabrielle Enthoven in the Oxford Dictionary of National Biography

Kategory:Ingelsk toanielskriuwer Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk argivaris Kategory:Ingelsk keunstsamler Kategory:Persoan berne yn 1868 Kategory:Persoan stoarn yn 1950