right|225px|thumb|Kaart fan Gelderlân
De Gemeente-atlas fan Nederlân is in atlas, publisearre yn de 19e iuw, en makke troch Jacob Kuyper. Kuyper tekene yn de jierren 1865-1870 kaarten fan alle 1200 Nederlânske gemeenten en makke der in atlas fan. De atlas waard yn 1871 útjûn troch Hugo Suringar te Ljouwert.
Kuyper ferstoar yn 1908. Omdat dat mear as 70 jier lyn is, binne al syn kaartsjes no yn it publike domein (frij fan auteursrjocht). Se binne op ferskate plakken op it ynternet te finen, foar in part yn kleur en yn hege resolúsje en kinne fergees of tsjin in lytse fergoeding besteld of download wurde.
Keppelingen om utens Gemeente-atlas fan Nederlân Sa'n 20 Kuyper-kaartsjes yn de Byldbank fan it Noard-Hollânsk Argyf Kuyperatlas kombinearre mei Google Maps
Kategory:Atlas Kategory:Neislachwurk
