Hendrik Tjaard Obreen (Heemstede, 6 novimber 1905 - Hegebeintum?, 20 desimber 1992) wie in histoarikus dy 't wurke by de provinsjale Argyfynspeksje ( -1970). Wie troud mei Catharina Lycklama à Nijeholt (*Nymwegen, 19 oktober 1905).
Makke in soad argyfynventarissen mei belangrike ynliedings. Yn 1970- krige er de Joast Halbertsmapriis. Obreen, dy't al yn de jierren fan pionier Hanso Schotanus à Steringa Idzerda foar de radio te hearren wie, spile dêrnei rollen yn films fan Nicolai van der Heyde; Angela (1973) en Help, de dokter verzuipt (1974).
Wurk Dijkplicht en waterschappen aan Frieslands westkust (dissertaasje, 1956) Westergo's IJsselmeerdijken (tegearre mei M.P. van Buijtenen, 1956) Dokkum. Inventaris der archieven (1959) Dantumadeel. Inventaris der archieven (tegearre mei H.F. Faber, 1961) Makkum en de westkust van Friesland (1965) Harlingen. Inventaris der archieven (1968) Franekeradeel. Inventaris der archieven (1971) Franeker. Inventaris der archieven (1974)
Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk argivaris Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk argivaris Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Hegebeintum Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1992